Boek fan de Moanne

novimber en desimber 2017

It sinfol bestean

Troch: Willem Verf


No te keap foar € 14,50

Wêr te keap

Sjoch by de boekhannels

Klik hjir

Nijs / Aktiviteiten

Mear nijs

Alemeiboek406
Portretfoto's fan Ale S. van Zandbergen binne makke troch Wim de Vries

Ale van Zandbergen oer 'Littenser Merke'


Ale S. van Zandbergen: 'Littenser Merke'

Oer Ale s. van Zandbergen

Ale S. van Zandbergen waard yn 1956 berne yn Easterlittens, as slachterssoan, krekt as Liuwe Bosgra yn syn debútroman. Hy wie ûnder mear redakteur fan it kulturele tydskrift De Strikel, mei  Rink van der Velde, Hylkje Goïnga, Jan J. Bijlsma, Douwe Kootstra, Jan Piter Janzen, Pieter de Groot en oare skriuwers dy’t in stimpel op de moderne Fryske literatuer set hawwe. Yn syn deistich libben is Van Zandbergen dosint wiskunde.
Mei Littenser Merke hat Ale S. Van Zandbergen in ferskuorrend moaie roman skreaun oer twa haadpersoanen dy’t hiel fier fan inoar ôf lykje te stean. Dit boek kinne jo as lêzer allinne mar wurdearje as jo oan ‘slow reading’ dogge. Dan komme jo yn in wrâld te lâne dy’t jo net gau wer loslitte sil: fol skjientme en heimsinnige spegelingen. Betsjoenend suver.  En dan te betinken dat dit in debútroman is.

Ale S. van Zandbergen oer syn roman en oer it skriuwen:

‘Ik woe graach in boek skriuwe oer eat dêr’t ik gjin inkeld ferstân fan ha. Dat wie it leauwen. Ik haw op iepenbiere skoallen sitten en bin as bern yndoktrinearre mei it ferhaal dat finen net te fertrouwen binne. Letter ûntdekst dat finen net minder betrouber binne as wa dan ek, mar dêr giet in pear jier oerhinne.’
(Ynterview fan Sietse de Vries yn de LC)

‘ ... alle dagen fan Ljouwert nei myn wurk yn Snits en wer werom, op ‘e fyts. Ik haw ‘Littenser Merke’ ûnder it fytsen betocht. Nee, ik haw gjin ûngemakken feroarsake, it is in hiel rêstich ein mei amper ferkear. Der is in nij fytspaad by it wetter del, en dan bin ik eins hielendal allinne. Dan komt dat fansels, it optinken fan it ferhaal. Ik hoech it fantasearjen net op gong te bringen. Dat is in doar dy’t allegeduerigen iepenstiet. Thús de nije fynsten útwurkje en opskriuwe, dan komme de assosjaasjes. It boek fertelt himsels eins. Ik ha gjin haast by it skriuwen, mar wol wille. Foar my is dat in segening.’
(Ynterview fan Arjen Hut yn it FD)

Mear ynfo oer de skriuwer en syn boek fine jo ûndermear op www.sirkwy.nl, www.ensafh.nl, www.demoanne.nl, de Friese-literatuursite fan Jelle van der Meulen en de digitale argiven fan it Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant. Sjoch ek www.friesepersboekerij.nl