FacebookTwitterRSS Feed

Op de earste dei fan de moanne is der altiten in nij aksjeboek, in Frysktalich boek fan ien fan de oansletten útjouwers by de Stichting Boeken fan Fryslân. Dizze boeken binne yn de boekhannel te keap.

Organisaasje

De inisjatyfnimmer fan it projekt Boek fan de Moanne is de stichting Boeken fan Fryslân. Dêrnêst wurket Tresoar oan it projekt mei wat de webside oangiet.
Boeken fan Fryslân (BFF) rjochet him direkt op 'e ferkeap fan Fryske boeken, bygelyks mei alternative ferkeapaksjes rûnom yn Fryslân en it pleatsen fan boekekisten op skoallen fan it basis- en fuorset ûnderwiis en aksjes yn de boekhannel. Tresoar leit him ta op de algemiene promoasje fan Fryske literatuer.
BFF wurket dêrnêst gear mei de Bibliotheek Service Fryslân (BSF).

De stichting Boeken fan Fryslân is yn 2010 oprjochte troch Fryske útjouwers meiinoar. De folgjende útjouwers binne der op 't stuit oan ferbûn:

Afûk/Utjouwerij Fryslân
Audiofrysk
Bornmeer
Elikser
Friese Pers Boekerij
Frysk en Frij
Het NIeuwe Kanaal
Hispel
KFFB
Wijdemeer

Foar syn aktivitetien krijt de stichting subsydzje fan de provinsje Fryslân.

Kontakt opnimme kin mei:

Ida Heddema (Afûk-meiwurkster dy't wurk docht foar BFF)
e-mail: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
til.: 058 – 2343086/06 208 90524

of

Piter Boersma (foarsitter BFF)
e-mail: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
til.: 058-2501475