FacebookTwitterRSS Feed

Nijs/Aktiviteiten

Nijs

Yn de moannen july en augustus wie de skûtsjeroman Wyn fan feroaring fan Hilda Talsma Boek fan de Moanne. Yn dy perioade binne der 578 boeken foar de aksjepriis fan € 15,00 ferkocht. Dêrmei is it it bêst ferkochte Boek fan de Moanne sûnt Boeken fan Fryslân der mei begûn is, yn oktober 2013, wêrby fansels oantekene wurde moat dat it yn de simmer net ien mar twa moanne foar de aksjepriis € 15,00 ynstee fan foar € 18,50 te keap wie. Wyn fan feroaring giet oer húsdokter Johanna Kamstra, dy’t nei it ferstjerren fan har omke Hannes tegearre mei har neef Ate it kasko fan omke Hannes syn skip klearmeitsje moat foar de IFKS-silerij. As se by de earste trije eindigje, krije se it foarstlik neilittenskip fan Hannes, Mei Wyn fan feroaring skreau Hilda Talsma, dy’t in groeiende groep lêzers oansprekt, de earste echte skûtsjeroman.


Foar mear ynformaasje: Jitske Kingma fan Utjouwerij Elikser, 058-2894857, Ida Heddema fan Boeken fan Fryslân 058-2343070

 

Op 19 febrewaris krige Ale S. Van Zandbergen de Rink van der Veldepriis 2014, de literêre priis fan de Gemeente Smellingerlân foar syn debútroman.
Yn de sjuery sieten Tessa Blaauw, Tryntsje van der Steege en Forina van der Zee. De oare nominearre titels foar de priis wiene:
Leo Popma, As gong dêr in oar, Steven Sterk, De midden en de beide einen, Freddy Scheltema, De keet fan Annawâld en Sipke de Schiffart, Wat it is om bang te wêzen.

RvdVpriis 900

Op de foto (makke troch Harry van der Linde) fan lofts nei rjochts: wethâlder N. Ketelaar, Anne Woudwijk, Ale S. van Zandbergen en Mineke van der Velde-Bekkema.

 

Win kaarten foar 31 jannewaris 2013, de jûn oer de roman Kompleten yn LOFT (yn Boksum)

Op 31 jannewaris 2013 fertelt Marga Claus yn LOFT, it tsjerkje yn Boksum, oer har nijste roman Kompleten. Henneke Nauta fersoarget in part fan de jûn mei Sacred Dance.
Beantwurdzje de fragen en win in kaart foar dizze jûn.
Lês mear...
Boek fan de Moanne

Utslach Rêdbâdtattoowedstryd en nije aksjeboeken

De winner fan de Rêdbâdpriisfraach dy't op 1 oktober 2013 op de webside www.boekfandemoanne.nl stie is Aant-Jelle Soepboer. Hy wint in spesjaal foar dit doel ûntwurpen tattoo fan Rinto's Tattooshop út Burgum. De priisfraach wie lestiger as de organisaasje tocht hie: der wie úteinlik mar ien ynstjoering mei de goede antwurden op de fragen.

De ferkeap fan de roman Rêdbâd, kronyk fan in kening, de earste histoaryske roman fan Willem Schoorstra fan Ternaard hat yn de boekhannel in moai triuwke krigen as earste Boek fan de Moanne.

It twadde Boek fan de Moanne yn novimber 2013 is De kâlde krústocht fan Hylke Speerstra en de tredde titel, yn desimber, is it krystboek foar bern Stille nacht, wûndernacht. Yn jannewaris 2014 folget, oanslutend by de Moanne fan de Spiritualiteit de roman Kompleten fan Marga Claus.

Webside fan Hylke Speerstra

Sjoch ek ris op de webside fan Hylke Speerstra.

Boek fan de Moanne

Facebookside fan Willem Schoorstra

Sjoch ek ris op de Facebookside fan Willem Schoorstra.

Boek fan de Moanne

Rêdbâdtoer troch de provinsje

Sneon 5 oktober giet der in grutte trailer mei in ôfbylding fan kening Rêdbâd en syn lange swurd mei as promoasje by boekhannels lâns.
Lês mear...
Boek fan de Moanne

It diske fan Boeken fan Fryslân stiet ek op de Jouster merke

Boek fan de Moanne

Doch mei oan de Rêdbâd-wedstriid en win in priis foar it libben!

Tattookeunstner Rinto fan Burgum hat foar dizze wedstriid in spesjaal ûntwerp makke nei oanlieding fan it boek Rêdbâd – Kronyk fan in Kening fan Willem Schoorstra. In unyk ûntwerp foar in unike tattoo, dy’t de winner fan de wedstriid fergees sette litte kin. Boppedat sil it pleatsen fan de tattoo fuortendrekt yn novimber 2013 plakfine!

Lês mear...
Boek fan de Moanne

Rêdbad fan Willem Schoorstra earste Boek fan de Moanne

Op sneon 5 oktober 2013 wurdt de aksje Boek fan de Moanne feestlik iepene. It earste Fryske boek dat in moanne lang mei koarting yn de boekhannels leit is Rêdbad, kronyk fan in kening, de suksesfolle histoaryske roman fan Willem Schoorstra.
Lês mear...

Aktiviteiten